Mantgum twa ferliest krekt

In Easterlittens peloten justerjûn Mantgum 2 en Weidum 3 tsjin mekoar. De partij begûn in bytsje oan de lette kant en dertroch moasten we oan it ein hast mei in bûslampe nei de bal sykje.

Mar Lieuwe, Abe, Anne-Pyt, Jan en Hans setten wol aardich útein. It gong yn it begjin wat gelyk op mar nei in pear earsten slaggen se deryn twa earsten ferskil te krijen. It wichtichste punt yn de wedstriid wie op 7-5 foar Mantgum. Weidum pakte it buordsje en ynstee fan trije earsten foar te kommen makke Weidum de “Anschlusstreffer”. Dernei pakten se noch trije earsten efter mekoar. Yn it lêste earst, de strjitteferljochting brânde al, kaam noch alles oan de hang. Weidum sloech de bal boppe en pakte dermei de wedstriid (9 – 9 en 40 – 40). Der hy mear ynsitten!

Geplaatst op 04 May 2012